Wenningbou
Oft it no om in frijsteande wenning, in twa ûnder ien kap of in appartemintekompleks te rêden is, Kolthof wurket deeglik en neffens de tradysjes dy’t harsels bewiisd hawwe. Dat wol sizze: wy bouwe de wenning alhielendal sels, fan ’e fundearring oant en mei de doarkruk en ’e kajút.
Mei in kant en klear ûntwerp fan in arsjitekt, mei jo eigen sketstekening of in foto fan in besteand hûs: wy soargje derfoar dat jo dream útkomt! Yn alle fazen fan it bouproses nimme wy jo by de hân.
Wy arbeidzje op mei arsjitekten fan namme dy’t in earste sketsplan op papier sette kinne. Dêrnjonken hawwe wy in soad saakkundigens en alle automatisearre tekenprogramma’s om sels jo winsken en easken oer te setten op papier. Wy wurkje mei jo dy plannen fierder út en soargje neitiid foar alle fergunnings. As de plannen goedkard binne fersoargje wy in folslein útwurke kalkulaasje en ’e bestektekening.
Under it bouwen wurkje wy mei fêste teams en bekende gesichten. Sy bouwe it hiele pân en binne dus folslein op ’e hichte fan it bouplan en ’e planning. Sy kinne dêrtroch wilens it bouwen as fêst oansprekpunt fungearje en sy binne altyd ree om te oerlizzen. Projekten:
![]() |
Nijbou wenning te Wolvegea |
|
|
|
![]() |
Nijbou wenning te Finkum |
|
|
|
![]() |
Nijbou wenning te Hallum |
|
|
|
![]() |
Hampton Court |
|
|
|
![]() |
Nijbou wenning Ljouwert |
|
|
|















