Hampton Court

Meer informatie >>

Ferbou Kafee te Alde Leie

Meer informatie >>

Nijbou besikerssintrum te Lemmer

Meer informatie >>

Ferbou pleats te Aldtsjerk

Meer informatie >>

Ferbou wenning te Marrum

Meer informatie >>

Ferbou wenning te Sint Jabik

Meer informatie >>

Nijbou wenning te Wolvegea

Meer informatie >>

Nijbou kappersaak

Meer informatie >>

Nijbou wenning te Finkum

Meer informatie >>

Nijbou wenning te Hallum

Meer informatie >>

13 apparteminten Minnertsgea

Meer informatie >>

Hazelaar Hasselt

Meer informatie >>

Mûne Lindevallei

Meer informatie >>

Mûne De Hoop

Meer informatie >>

Slagdykster Mole

Meer informatie >>

Bjirmenstate Seisbierrum

Meer informatie >>

Berlingastate Berltsum

Meer informatie >>

Hof van Hallum

Meer informatie >>

Pleats Minnertsgea

Meer informatie >>

Poiesz Stiens

Meer informatie >>

Nijbou wenning Ljouwert

Meer informatie >>

Profyl

Wy wolle foldwaan oan ’e winsken fan ’e klant. Neat is ús te lyts en neat is ús te grut. Dêrby tinke wy derom dat de klant by it hiele bouproses belutsen bliuwt, om as dat nedich is by te stjoeren. Wy wurkje mei entûsjaste minsken, dy’t foar it treflik ferrinnen fan it bouproses soargje. Wy stekke graach enerzjy yn ús wurk; yn it bouwen sa as de opdrachtjouwer it ferwachtet. Miljeu-, Arbo- en kwaliteitseasken spylje dêrby in grutte rol. De ûntjouwings op dy mêden ymplemintearje wy yn ús belied en wize fan wurkjen, ûnder oaren mei help fan it kwaliteitssysteem fan ISO 9001:2008 en VCA**.

Nijbou, ferbou, ûnderhâld en renovaasje fan wenningen, appartemintekompleksen, bedriuwsgebouwen, soarchsintra, skoallen, agraryske loadsen, winkels en mûnen. Wy fersoargje foar jo de kalkulaasje, alle fergunnings, advisearring op alle boukundige mêden, begelieding fan bouprojekten en, op fersyk, ek de boutekening. Waar foar jo jild? Wy soargje derfoar!

Skiednis

Boubedriuw Kolthof is lyts begûn yn 1987. It is destiids oprjochte troch Waling en Jetske Kolthof-Overal. Yn dy tiid wie it ekonomysk foarútsjoch út noch yn net roaskleurich, mar mei trochsetten en entûsjasme binne wy op it plak kommen dêr’t wy wêze wolle. Yn ’e rin fan ’e jierren is it bedriuw groeid ta in florearjende ûndernimming.

Wy binne út ein set mei it oernimmen fan in lyts besteand boubedriuw en neitiid troch middel fan fiif oernames groeid ta it hjoeddeistige nivo. Alle bedriuwen dy’t wy oernamen brochten nije wurknimmers, klanten, projekten en mear wurk mei. Op dit stuit hat Kolthof likernôch 50 minsken yn tsjinst dy’t mei harren ûnderfining, saakkundigens en fakmanskip bydrage oan ’e kwaliteit fan ’e ûndernimming.

Underwilens hearre ta ús opdrachtjouwers: partikulieren, projektûntwikkelders, oerheidsynstellings, wenningbouferienings, belizzingsmaatskippijen, de middenstân, bedriuwen en faaks meikoarten jo ek?

Takomst

Wat de takomst oanbelanget rjochtsje wy ús net fuortdalik op it grutter wurden. Wy sykje earder nei it fierder profesjonalisearjen fan ús ûndernimming, it fierder útbouwen fan ’e dingen dêr’t wy grutter mei wurden binne. Wy passe dêrby in persoanlike mar saakkundige wurkwize ta. Fleksibiliteit is ek fan grut belang, om’t wy witte dat tiden, merken en easken feroarje. Dy fleksibiliteit is by ús foaral te sjen oan ’e lytse teams dy’t yn ûnderskate gearstallings op ’en paad stjoerd wurde. Byinoar foege wurde dy lytse ienheden ynset by gruttere projekten. Nije fragen, nije easken: wy passe ús oan!

Kolthof hat dêrnjonken oanhâldend omtinken foar de oplieding en skoalling fan it personiel. Wy achtsje it belang fan ’e praktyske oplieding foar jonge minsken yn ’e bouwrâld tige grut. Om dy reden is Kolthof in sertifisearre learbedriuw.